wisten jim · 2012. 5. 7. · wisten jim oer it lishinne ... bij it ynspannen, holpen thomas van...

10
Wisten jim Oer it lishinne bedriuw fan Enne en Hannie Bakker oan de Koaidyk krigen we lêsten in hiel leuk filmke tastjoerd. Ek jim kinne hjir fan geniete op http://www.ophetland.tv en dan efkes fjirder sykje op: Biologische leghennen in Friesland Enne en Hannie Bakker bouden in... Dat Siebe Tjalma ein februaarje mei de iisprikker nei it Comomeer yn Italie west hat. Hy woe wol ris witte hoe dik it iis der wie. Je binne iismeester of je binne it net. En it wie dêr wol winter mar.....wat in teleurstelling: Undanks dat it der best wol kâld wêze kin lei der hielendal gjin iis! It no kommende stikje is ynstjoerd troch Pytsje Kampen Belslydzjen Foar it earst op it iis mei ús hynder Calvano te Hylpen op 11-februaarje 2012. De tariedings hie Lolke al nommen. Om it hynder wenne te litten oan de bellen fan de arresliede hie er dêr ôfrûne simmer al mei oefene. Doe’t de winter yn oantocht wie, is it belletúch wer op it hynder syn rech lein. Te begjinne yn de hynstebox , dan op e skuorreed it klokkespul op e rêch, der mei rinne,en dan,de skuordoarren iepen.... De proppen yn de hoefizers draaie ,de sturt úttyzje, de fuotten noch ris skjin spuitsje , noch ris de boarstel der oer... Dan de Amerikaansecuttersliede’ (út ûngefear 1890) op ‘e auto. It hynder yn e hynstekarre,bontjassen en bontmutsen (Lolke hat in echte wolvebontjas), sjalen en bontwanten bijelkoar skarrele en riede mei ‘t spul. Op nei Hylpen. Dêr oankommen, wiene der al drommen minsken en auto’s dy’t plak sochten. Bij it ynspannen, holpen Thomas van der Gaast en ús dochter Sjoeke, dy’t ek mei heit yn ’e sliede soe. Dan op nei it it Iselmar , wer’t 19 hynders om túchden en wer’t ek allegear bellen oan hongen en rinkelden.Flaggen wapperden en tuzenden minsken stiene te sjen, te fotografearjen en te filmjen; TV Fryslan- de NOS -RTL , musyk ,in omropper die skel en tige lûd omropte...oei oei ik (Pytsje) hâld myn hert fest!!! Calvano hie noch nea op iis stien(wol op snie yn Harich, mar goed dat de boer de lije hie. It hynder hat in protte fertrouwen yn syn baas!! Calvano die snuufde, seach en tripke en doe liet Thomas it hynder los, mei de meidieling: as jo him net halde kinne , sjogge we jo wol wer yn Enkhuzen!!

Upload: others

Post on 08-Jul-2021

0 views

Category:

Documents


0 download

TRANSCRIPT

Page 1: Wisten jim · 2012. 5. 7. · Wisten jim Oer it lishinne ... Bij it ynspannen, holpen Thomas van der Gaast en ús dochter Sjoeke, dy’t ek mei heit yn ’e sliede soe. ... It wie

Wisten jim Oer it lishinne bedriuw fan Enne en Hannie Bakker oan de Koaidyk krigen we lêsten in hiel leuk filmke tastjoerd. Ek jim kinne hjir fan geniete op http://www.ophetland.tv en dan efkes fjirder sykje op: Biologische leghennen in Friesland Enne en Hannie Bakker bouden in... Dat Siebe Tjalma ein februaarje mei de iisprikker nei it Comomeer yn Italie west hat. Hy woe wol ris witte hoe dik it iis der wie. Je binne iismeester of je binne it net. En it wie dêr wol winter mar.....wat in teleurstelling: Undanks dat it der best wol kâld wêze kin lei der hielendal gjin iis! It no kommende stikje is ynstjoerd troch Pytsje Kampen

Belslydzjen Foar it earst op it iis mei ús hynder Calvano te Hylpen op 11-februaarje 2012.

De tariedings hie Lolke al nommen. Om it hynder wenne te litten oan de bellen fan de arresliede hie er dêr ôfrûne simmer al mei oefene. Doe’t de winter yn oantocht wie, is it belletúch wer op it hynder syn rech lein. Te begjinne yn de hynstebox , dan op e skuorreed it klokkespul op e rêch, der mei rinne,en dan,de skuordoarren iepen....

De proppen yn de hoefizers draaie ,de sturt úttyzje, de fuotten noch ris skjin spuitsje , noch ris de boarstel der oer... Dan de Amerikaanse’ cuttersliede’ (út ûngefear 1890) op ‘e auto. It hynder yn ‘e hynstekarre,bontjassen en bontmutsen (Lolke hat in echte wolvebontjas), sjalen en bontwanten bijelkoar skarrele en riede mei ‘t spul. Op nei Hylpen. Dêr oankommen, wiene der al drommen minsken en auto’s dy’t plak sochten. Bij it ynspannen, holpen Thomas van der Gaast en ús dochter Sjoeke, dy’t ek mei heit yn ’e sliede soe. Dan op nei it it Iselmar , wer’t 19 hynders om túchden en wer’t ek allegear bellen oan hongen en rinkelden.Flaggen wapperden en tuzenden minsken stiene te sjen, te fotografearjen en te filmjen; TV Fryslan- de NOS -RTL , musyk ,in omropper die skel en tige lûd omropte...oei oei ik (Pytsje) hâld myn hert fest!!! Calvano hie noch nea op iis stien(wol op snie yn Harich, mar goed dat de boer de lije hie. It hynder hat in protte fertrouwen yn syn baas!! Calvano die snuufde, seach en tripke en doe liet Thomas it hynder los, mei de meidieling: “as jo him net halde kinne , sjogge we jo wol wer yn Enkhuzen!!”

Page 2: Wisten jim · 2012. 5. 7. · Wisten jim Oer it lishinne ... Bij it ynspannen, holpen Thomas van der Gaast en ús dochter Sjoeke, dy’t ek mei heit yn ’e sliede soe. ... It wie

Der giene se, Lolke en Sjoeke en Calvano. Lolke mende it hynder wer’t er him ha woe, selfs noch mei camera en al op ‘e sliede. Yn de baan wer’t de echte wedstriid plak fûn ,moast Calvano noch fan alles leare. En der wiene te folle prikkels, soe men hjoed te dei sizze. Hij begûn te galoppearen en dat is al tastien, mar net mear as twa galopkers en dêr wie Calvano de tel fan kwyt. Mar dochs ús komplimenten foar Lolke en Calvano. (dy’t hast fiif jier is ) Se mochten der wêze.

Geweldig super hynder, wat liet er him moai sjen,wat rûn er losjes, wit ik wat we/se allegear seine mei plúmkes rjochting ús team!

Bij de priis útrikking, blykte dat Lolke en Sjoeke en Calvano mei it arresliidzjen de priis foar it moaiste gehiel hiene en krigen we in moai Hylper presentearblêd.

Lolke fûn it moai dat er de priis wûn hie sa spruts er de mannichte ta, mar hy sei ek, dat elts dy’t mei die in winnaar wie!! Groetnis fan Pytsje Kampen As de ljip yn’t lân is...

Fuort nei de strenge winter sieten der al wer ljippen yn It Heidenksip, 19 februaarje û.o yn it lân fan Mellius Kramer wiene se drok dwaande om wat iten bijelkoar te skarreljen. En in moanne letter siet de earste ljip dêr al te brieden en dat is wol hiel betiid. Aainijs (fan Gerdy)

Op 15 maart hat Jeldert Oenema it 1e ljipaai fan (de legere) skoalle fûn!

Mar skoalle hold de spanning deryn troch de tillefoan dy middei beset te

hâlden. Juf Epie naam ek net op. Master Douwe yn it lêst wol, mar is Jeldert dan noch wol de 1e raper?????

Ja hjer, de beker is binnen en de namme moat der noch yn grafearre wurde!

Tjebbe Oenema koe it mar min fenearre dat broerke it 1e aai fûn fan de famylje. Op it AOC yn Ljouwert wie it 1e aai ek

noch net fûn dus de oare deis Jeldert en Tjebbe om 6.20 fan bêd. Aaisykje.

Tjebbe gie ek foar de beker! En ja hjer, yn 10 minuten hie Tjebbe ek in aai! Leraar sms-e, dan de vondst troch sms-e

oan de B.F.V.W. Leraar reageart net om 6.30 en leit grif

noch op bêd. 8.00 nei skoalle belle want hearder hat de administratie gjin

sprekoere. Dy koe Tjebbe net út de spanning helpe. En ja hjer, efkes letter yn de trein gie syn tillefoan!

Tjebbe hie ek it 1e ljipaai! Dus no 2 bekers, mar 1 ljipaai op de kast ...Tjebbe's aaike waar ferlotte ûnder de leraren.

Page 3: Wisten jim · 2012. 5. 7. · Wisten jim Oer it lishinne ... Bij it ynspannen, holpen Thomas van der Gaast en ús dochter Sjoeke, dy’t ek mei heit yn ’e sliede soe. ... It wie

Archeologie yn ‘e Skar Der wurdt no op in hiele soad plakken yn it Heidenskip oan de polderdiken wurke. Sa ek by de Fluessen lâns. Yn ‘e Skar wurdt in stik lân wer oan de natûr werom jûn. De polderdyk wurdt ferlein en oare parten fan it lân wurde ôfgroeven. Sa ek it stik dert foarhinne de pleats mei de roemruchte namme de Wolvetinte stien hat. Dizze pleats spile ek in grutte rol yn it earste ferhaal út it boek de Oerpolder. De foto is nommen mei de rêch nei de Fluessen ta, it puntsje fan it dak is de pleats fan Ale en Janke Kampen. Der hat hjir dus yn werklikheid ek in pleats stien. Bekend is dat dy pleats der yn 1730 al stie en dat er ôfbrutsen is yn 1865. De lêste bewenner wie Ignatius de Wolf. De namme de Wolf hat er yn 1811 oannommen. Nei 1865 is de pleats wer opboud op it plak dêrt’t Ale en Janke Kampen no wenje. Hjir ûnder stiet de adfertinsje út 1865

Page 4: Wisten jim · 2012. 5. 7. · Wisten jim Oer it lishinne ... Bij it ynspannen, holpen Thomas van der Gaast en ús dochter Sjoeke, dy’t ek mei heit yn ’e sliede soe. ... It wie

foto fan ien fan de twa Mei de metaaldtektor en in skeppe oant wetterputten dy’t no fûn binne. “skatgraven”. (foto Janke Kampen) ( foto eigen argyf) De fynsten besteane foaral út in soad skerven yn allehande kleuren. Fierder in soad pipekoppen wat knopen, hynstetosken en glêsspul. Niks wat mear hiel is jammergenôch en ek de wearde is net grut mar de aardichheid wol. O ja, en de tinnen leppel fan Ignatius himselve is ek fûn... It skynt dat meikoarten dit terrein ophege wurdt mei baggerspesie en dan ferdwine al ‘skatten’ fierder wer ûnder de grûn.

De aaien wurde djoer betelle... Siebe Brandsma bringt yn de Koaidyk de Wijd&Zijd mei de folders rûn. Sa ek bij Enne en Hannie Bakker. Dêr by siet dizze kear in slúf dy’t ferkeard besoarge wie by Siebe; dizze moast by de famylje Bakker wêze. Hjirop stie in krabbeltsje fan Siebe: ’ He Enne, de aaiprizen binne heech. Dizze kear moast it sels betelje. Groet Siebe’. Jûns kriget Diedrik, in great leafhawwer fan Facebook, dêr in berichtsje fan Enne&Hanny.’ Ha Diedrik, wolst jimme heit danke foar de postbesoarging? Hy is wol €200,- misrûn, it wie in creditnota... Diedrik skriuw wer werom : ‘Ha ik even sein....Hy moast nochal hurd laitsje :)

Prietpraat Griene tsiis Sa grutsk as in pake wêze kin (en mei) is Mellius Kramer mei Melle Jan út te fytsen, en komt hiel efkes by Evert en Dora del.

Page 5: Wisten jim · 2012. 5. 7. · Wisten jim Oer it lishinne ... Bij it ynspannen, holpen Thomas van der Gaast en ús dochter Sjoeke, dy’t ek mei heit yn ’e sliede soe. ... It wie

Der wurdt frege oft Melle ek frysk ferstean kin, en Mellius seit fan wol........... Pake en Beppe dogge yn elts gefal tige harren bêst om him dit ek by te bringen. (Melle groeit yn Grins op) Dat begjint dan mei bûter, brea en griene tsiis. Bûter en brea wie gjin probleem dat koene se him wol sjen litte. Mar hoe moast it no mei griene tsiis? Dat wie der net. "No, tocht Ytsje, "dan doch ik wol wat komkommer yn in skaalsje, dat had hy dochs net yn 'e gaten. En wat seit Melle? "bûter, brea en dat is komkommer". Hoe helder kin je wêze as't twa en in heal jier bist.

En doe krige we tafallich fan dizze pake en beppe Kramer sels ek noch de no folgjende stikjes tastjoerd: Us pake en beppesizzer nimt de saken as hij hjir útfanhuzet goed yn him op, sa die lêsten bliken. Wy hiene de muorren fan it tanklokaal en grutbûthús mei de hegedrukspuit skjin spuite en de doarren opnij in ferfke jûn. Melle stiet mei de hantsjes op ‘e rêch foar it rút te sjen en freget: Heb jij de boerderij gekleurd? Dyselde middeis hat beppe har foar in feestje moai oanklaaid; spikerbroek, en in fleurich rôse spikerjaske. Hij besjocht beppe ris op en del en freget: Ga jij weg? Ik vind het wel in mooie jurk......:-D wylst hij my sjarmant ta laket...in echt heertje in de dop....

In biljart ferhaaltsje (fan in anonime biljarter) Nee, dan it ferhaal fan Klaas Bakker tongerdei te jûns. It wie al dien mei it biljarten dy jûn mar de minsken bliuwde noch wat hingjen. We krigen it oer bisten en hoe silich it soms foar minsken wêze kin. It wie sa: Betty Bakker is in kear mei Jolle op de molkauto mei west nei Skylge, en dan ha je it oer fan alles en noch wat. Dat op in bepaalt stuit freget Jolle oan Betty, "ha jim ek katten?”

"No ja, we ha al in pear.” "It is sa," seit Jolle, lêsten dei's kaam Marietje (Kuipers) mei in moai swart katsje by ús want dy hie sy fûnt op ‘e Buurt en tocht, dy moat mar nei Jolle en Martsje ta.” "Och" sei Jolle, dy kin der noch wol by mar it is wol in brutaal ding, want hy yt

samar de bolle fan ús board". Hoe fjirder Jolle mei syn ferhaal kaam, hoe reader as Betty har holle waard. Wat die no bliken...........Bettty woe dy kat kwyt, mar woe it net oan it wetterskip ferkeapje, dat doe had sy de kat mar mei nommen nei de Buurt en dêr los litten!

Sa komt alles toch noch op syn poatjes te terjochte oftewol de aap út ‘e mouwe…

Anonime beller (sitaten binne bij benadering)

Johannes en Gerdy wiene dy sneins op besite by Klaas en Betty Bakker. It praat kaam op it biljarten en doe kaam it Klaas yn’t sin dat er dy kommende tiisdei, syn ynhelwedstriid tsjin Evert Ettema, net spylje koe. “O dan moat ik him noch al efkes bericht dwaan,” sei er. “Ik ha syn 06 nummer wol,” sei Johannes, sa as altiten hiel behulpsaam. Dy jûns stjoerde Klaas it folgende sms-ke nei Evert: “Kunnen wij ons afspaakje voor dinsdagavond ook verzetten?” En dat sûnder ôfsender en… Evert koe dit tillefoannummer net. Hiel wiis reagearre hij hjir dan ek net op. De oare deis, in twadde sms-ke: “Past ons afspraakje je ook op donderdagavond?” Mar no wol it ferhaal dat dit berichtsje thús net as earste troch Evert lêzen waard en wat moatte je der dan fan tinke? Der waard al efkes oer praten… mar

Page 6: Wisten jim · 2012. 5. 7. · Wisten jim Oer it lishinne ... Bij it ynspannen, holpen Thomas van der Gaast en ús dochter Sjoeke, dy’t ek mei heit yn ’e sliede soe. ... It wie

gelokkich kaam de oplossing deselfde jûns bij in fergadering fan toaniel. Evert fertelde oer syn anonime berichtsjes. “Eh, ju seit Betty Bakker dy binne ommers gewoan fan Klaas!

Reedriden en relaasjes.

It iis ’gebeuren’ besjoen troch de eachen fan Gerdy Oenema

Dit winterskoft ha hiel wat relaasjes wer in “Boost” hân. Althans dêr gean ik fan út want hiel wat steltsjes wiene op it betiden glêde iis te finen. Marten en Antsje bygelyks. Marten koe net mei de skoalbern te riden op tongersdeitemiddei yn Warkum want hy soe mei Antsje ride…dat wie goed foar de relaasje sjoch…..! Ik ha se net wer sjoen dy dei en ik gean der fanút dat it holpen hat, as it al nedich wie… Mar as je dat ien kear heard ha en je binne op de marren te finen, sjogge je wol oars nei alle steltsjes dy’t reedride. Betiden wist ik net of it wol of net partners wiene, dus betocht ik dat der sels mar by. Wat my opfoel is dat de manlju nea achter harren partner oanhingje… it is wol oarsom. Suver nuver. Gradus en Thea kaam ik tsjin. Dy kin ik wol, ik wit dat se in steltsje binne….. wurkje dus ek oan harren relaasje. Gradus naam it foartou, yn ‘e hús is dat miskien dan ek wol sa. Thea folget him wol….. it hie fêst neat mei lijte te krijen want wyn wie der net. Johannes en Ida, op de fyts nei de Hofmar. Dêr koe eltsenien moai ride want op de marren wie it doe noch net fertroud. Neffens Johannes (de Boer) wol want in dei earder seach ik him hjir op de Grûns oer de noch iepen wynwekken hinne fleanen…. Mar Johannes fytst altyd 50 meter foar Ida út en hoe sil dat dan gean op it iis??? Ik ha se net wer tegearre sjoen op it iis….se binne grif elk in kant op gien. Acronius en Etty, woene ek tegearre ride mar der moast ek strontriden wurde. Acronius moast kieze: Etty of stront. Etty hie dêr de skijt oan en wûn , sá, goed foar de relaasje…. better koe dit net! Mellius en Ytsje ha ik ek sjoen. Mellius gie ek wol allinich op paad en ik kaam Ytsje in kear hielendal allinich op de Fluessen tsjin. Ja, wat moatte je dêr dan wer fan tinke. Se wiene dochs ek tegearre op paad en dat wie in heale âlve Stêdentocht wurden. Mellius op redens oer de Sleattermar en Ytsje op sokken…..goed foar de relaasje??? Mellius hie it ein yn de bek want de leeftiid spyle al wat parten. De oare dei wiene se noch oan it bekommen op de bank… is ek wolris goed foar de relaasje….. Hans en Elly, ek tegearre op redens, ik ha se sels net sjoen mar Elly ried neffens de betrouwbare bron wol foarop en Hans der achter, yn de lijte fan Elly…… mar hokker lijte?? Dan binne der noch de Snelle Jelles: Andries, Jouke, Fouke en Siebe. Oan wat relaasje wurkje dy einliks? Iiskâldrelaasje, dat fêst! Ik koe der einliks neat fan meitsje doe ik der oer neitocht. Mar yn dizze mannenrige pasje Marten Groenof en Aiso ek! Dy twa wiene ek altyd rappie rappie en onôfskiedlik! Marten streke yn de streken fan Aiso. It wie in moai spantsje sa glykmatig streekten dy oer it iis.. Dy ha fêst in streekrelaasje….

Page 7: Wisten jim · 2012. 5. 7. · Wisten jim Oer it lishinne ... Bij it ynspannen, holpen Thomas van der Gaast en ús dochter Sjoeke, dy’t ek mei heit yn ’e sliede soe. ... It wie

Klaas en Betty, ferhaal apart. Betty seach ik alle dagen op de marren, dat wie yn in flits, want se hie in gong as in spear op har nije klappers. Klaas hie ik wol efkes sjoen mar dy foege him al rap by de Snelle Jelles en dy wiene sa oan de oare kant fan de marren. Mar Klaas en Betty woene ek tegearre op paad, en jimme witte no wêr se dan oan wurkje soene! De heale tocht der tochten waard starten op de Aldmans sek, op nei Warkum, Boalsert en sa fierder en doe op nei Bartlehiem. Betty hie ‘m om, se hie al in pear kear ûnderút lein en dêr wurd je net fleuriger fan. Net goed foar de relaasje dus …Klaas hie yn de kop om de Bonkefeart noch te heljen, Betty net. Foar de prestaasje en relaasje moast en soe Klaas mei Betty ûnder it beruchte spandoek stean. Dus beide de kop derfoar en op nei de Bonke mei al dy stive bonken. En it is harren slagge!! Taksi Oenema stie klear yn in tsjuster Ljouwert en hat se wer thús brocht… mar dêr waard alwer tsierd oer wie it earst ûnder de pomp mocht……dan mar tegearre?? Ek goed foar de relaasje fansels. Evert en Dora: wurken op harren manier ek oan de relaasje. Se setten alle redens op Marktplaats, en binnen in oere wie alles ferkocht!!!!! Sa. Kin in oar wer oan de relaasje wurkje.. “Helpt elkander” hjit dat. Hjirby wol ik eltse baanfaaier tankje foar de skjinne banen op en oer de marren sadat eltsenien oan harren relaasje wurkje koe…. Dizze mannen binne fanôf no ek relaasje terapeuten! Jimme wolle no wol witte hoe it mei de relaasje fan dizze reedrydster sit? Johannes komt net op it iis. Sels net op learzen, lit stean op redens. Mar as ik de kilometers yn de ankels ha, stiet der wol in bad fol waarm wetter foar my klear!!! En da’s krekt sa goed foar in relaasje! Ja ja. Gr. Gerdie

Mollefange, in tige nijsgjirrige hobby

Jeldert Oenema út it Heidenskip (in wiid greidegebiet tusken Warkum en Koudum) komt elts jier útfanhûs yn it Stienzer Âldlân by syn omke en tante oan ’e Wurgedyk. Hy hat fan 2009 ôf, doe’t hy njoggen jier wie, in tige nijsgjirrige hobby. Jeldert is no 12 jier en syn hobby is útgroeit ta wurk en dat levert in moaie bûssint op. Hy sil der hjir wat oer fertelle, op skoalle die hy dat ris mei in powerpointpresentaasje.

Page 8: Wisten jim · 2012. 5. 7. · Wisten jim Oer it lishinne ... Bij it ynspannen, holpen Thomas van der Gaast en ús dochter Sjoeke, dy’t ek mei heit yn ’e sliede soe. ... It wie

Wat is dyn grutste hobby? Ik bin altyd bûten dwaande op de pleats, yn ’e (griente)tún of yn it lân. Ik hâld fan de natoer! Mar it mollefangen dat stiet foar my op nûmer 1. As ik tiid haw doch ik dat eltse dei, ek as ik útfanhûs bin. Hoe hasto dat leard? Fan de âlde Rein Leenstra, dy’t by ús altyd yn it lân kaam te mollefangen. Ik gie altyd mei him op paad en hy hat my der alles oer fertelt en no kin ik it sels ek. Dat moat ek want Leenstra is 2 jier ferlien ferstoarn. Ik wie earst allinnich ús heit syn mollefanger, mar no haw ik al 10 klanten by ús yn ’e buert. Fan augustus 2010 ôf o/m desimber 2011 ha ik 156 mollen fongen mei 31 klemmen. Ik krij € 2,50 de mol, dat ik haw al moai wat yn myn sparpot sitten. Ik brûk altyd in spesjale klem mei in fear, sadat hy goed op spanning te bringen is. De deade mollen goai ik lâns de sleatskant foar de rôffûgels. Sa haw dy ek in lekker hapke. Trije kear haw ik in libbene mol fongen, dy siet mei de kont yn ’e klem en gie dus net dea (mar wol mei myn skeppe!) Werom moatte dy mollen fongen wurde? In mol drukt de grûn omheech en dat is lestich. De mollebulten (soms 30 sm trochsnee en 15 sm heech), gatten en ridden binne tige ûnhandich foar it fee, sy kinne dêr kreupel fan wurde. Sa ek by it gersmeanen, it lân fersakket derfan en der komt grûn yn it kuilfoer. Yn ’e tún set in mol alles op ’e kop sadat de woartels fan it gers, blommen of griente bleat lizze en dan giet alles dea. Foar tennis- en golfbanen binne se ek in ramp. Mar in mol docht ek goede dingen: hy makket ek de grûn los, sadat der wer nije planten groeie kinne en hy yt wjirmen, maitsen en toarren op sadat dêr net tefolle fan komme. Hoe giesto te wurk? As ik it lân of in tún yngean rin ik earst altyd lâns de sleatskanten want dêr drinke de mollen wetter en sa sjoch ik al gau harren ridden/gongen. Der binne jaaggongen (oan ’e oerflakte) en krûpgongen (djip yn ’e grûn sa’n 50 sm) soms wol 200 meter lang. By in mollebult mar ek by in mollerid stek ik earst myn lange mes deryn want der binne goede, falske en iepenbrutsen ridden. Sa fiel ik dat it bêst. As de ridde hol is meitsje ik mei myn mes 2 dwerstrochsneden yn ’e ridde sa’n 20 sm fan elkoar ôf. Dêrnei stek ik myn skepke oan beide kanten fan de ridde yn ’e grûn sadat ik in gat haw yn ’e ridde en dan kin de klem der ynsetten wurde. By eltse klem set ik in stokje, sa kin ik de klemmen altyd werom fine. Ik haw altyd wurkwanten oan en as it lân te

Page 9: Wisten jim · 2012. 5. 7. · Wisten jim Oer it lishinne ... Bij it ynspannen, holpen Thomas van der Gaast en ús dochter Sjoeke, dy’t ek mei heit yn ’e sliede soe. ... It wie

wiet is nim ik in rubberen knibbelmatte mei. Alle spullen draach ik yn in grutte draachtas op myn rêch. Kinst ek wat fertelle oer de mol sels? Mollen binne dei en nacht tige warbere bistkes. Sy krûpe meardere kearen op in dei troch de gongen om dêr nei iten te sykjen sa as toarren, maitsen, tûzenpoaten, ynsekten, spinnen, larven, wjirmen (90-100 deis) en slakken en soms sels in kikkertsje. (Hy yt sa’n 40 gram deis). Yn ’e hjerst/winter leit de mol in foarrie oan, dêrfoar byt er de kop fan reinwjirmen ôf sadat sy ferlamme reitsje. Mei harren foarpoaten en kop knoopje sy de wjirmen as in bal tegearre. Dy foarrie bestiet somtiden wol út hûnderten, sels tûzenen reinwjirmen. Dizze wjirmen bestean foar 85 % út wetter, dat in mol hat genôch te drinken. Hat de mol se net mear nedich dan groeit der fansels wer in kop oan en kinne de wjirmen ûntsnappe. Sa’n wjirmenbal is grutter dan in gong en bliuwt dus yn it nêst lizzen foar de jongen. In nêst is faaks te sjen oan in lytse bobbel yn it lân. In mol sjocht mar foar 15 %. Hy ferlit dêrom ek net faak syn gongenstelsel, allinnich om yn ’e hjerst in oar gebiet op te sykjen of om blêd, gers, mosk, papier en sa te sykjen foar it nêst. Hy fielt op ’e taast syn wei mei syn snorhierren, syn noas en sturt. Ek hat er hiele goede earen. De hûdhierren fan ’e mol stean net ien kant mar alle kanten út, dêrmei kin hy folle better efter- en foarút de gongen trochkrûpe. Hy sliept rjochtop, mei syn holle tusken de foarpoaten. Dy foarpoaten lykje wol lytse graafmasyntsjes, der sitte 5 teannen oan mei puntige nagels. Witsto wol dat in mol ek in goede swimmer is? Yn ’e pearingstiid (febrewaris - april) meitsje mollen hiele hege pyplûden, sa sykje sy elkoar op soms rinne dêrfoar wol hûnderten meters. Allinnich yn ’e pearingstiid binne de mantsjes en froutsjes tegearre. Yn maaie - juny wurden der 3 oant 6 neakene, rôze, bline jongen berne nei sa’n 28 dagen. Nei 14 dagen komt it hier, nei 22 dagen gean de eagen iepen en nei 2 moannen binne sy folwoeksen. In mol wurdt sa’n 11 oant 16 sm lang en wurdt 3 jier âld. Ik kin ek it ferskil tusken in mantsje en wyfke mol sjen, in mantsje hat it poep- en pisgatsje in stikje fan elkoar ôf, by it wyfke sit dat tichter byinoar. Hat de mol ek fijannen? Yn ’e pearingstiid fjochtsje sy mei oare mollen. Boppe de grûn hat in mol ek fijannen, sa as de reager, ûle, mûzebiter, foks, harmelyn en wezeling. De tsjerkûlen harren iten bestiet somtiden 50% út jonge mollen! Mar de grutste fijân bin ik haha.............. Ineke Westendorp Sa, dit wie Wisten Jim wer foar dizze kear. Mei tank oan elkenien dy’t wat ynlevere hat foar dizze rubryk! Reaksjes binne wolkom, ja fansels allinne de leuke… Ha jim ek wat? Lit it witte! Tel: 0515541589 of maile [email protected]

Winskje jim in hiele moaie maaitiid ta en oant in oare kear. Y. G-B

Page 10: Wisten jim · 2012. 5. 7. · Wisten jim Oer it lishinne ... Bij it ynspannen, holpen Thomas van der Gaast en ús dochter Sjoeke, dy’t ek mei heit yn ’e sliede soe. ... It wie